Auto fljocht yn 'e brân op de Ofslútdyk by Koarnwertersân

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is sneontejûn in auto yn 'e brân flein. De brânwachtkorpsen fan Harns en Wytmarsum kamen te plak om de brân út te meitsjen.
© CAMJO Media
De bestjoerder fan de auto seach reek by de motor en hat de auto by de ôfrit stilset. De flammen sloegen der dêrnei al gau út. De brânwacht fan Wytmarsum wie fluch te plak, mar koe net foarkomme dat de auto ferlern gie.
De oprit nei Koarnwertersân wie by de berging fan de auto ôfsletten.