KNMI: koade giel foar Fryslân fanwegen tichte mist
It KNMI kundige sneontejûn koade giel ôf foar de fêste wâl fan de provinsje Fryslân. Op guon plakken waard der tichte mist foarsein mei sicht fan minder as 200 meter foar. Dat koe hinder foar it ferkear opsmite. De koade jilde oant 04.00 oere op snein.

Ek foar de provinsjes Noard- en Súd-Hollân waard koade giel ôfjûn.