De Harmonie wol herten ferwaarmje mei fideokeunst op gebou

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert moediget alle ynwenners fan Fryslân op mei in spesjaal keunstwurk. De hiele moanne jannewaris wurdt it gebou ta libben brocht mei in mediakeunstprojekt fan keunstner Frouke ten Velden.
Nieuw Jaar Nieuw Licht
It keunstwurk - in doek fan kanvas - is prominint sichtber oan de bûtenkant fan it gebou. De ynstek is: herten ferwaarmje. "Ik hoop dat alle mensen die eraan voorbij lopen er plezier aan beleven", seit Ten Velden. "Dat ze het gevoel hebben dat De Harmonie nog leeft, dat er iets gebeurt op het gebied van cultuur en dat we nog aan elkaar denken." De skouboarch wol mei it inisjatyf in sinjaal ôfjaan fan hoop en ynspiraasje, dat der boppedat moai útsjocht.
Keunstneres Frouke ten Velden oer it keunstwurk by De Harmonie
It keunstwurk by De Harmonie © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It giet om twa mediakeunstprojeksjes mei as titel 'Canvas', wêrby't De Harmonie as 'doek' it útgongspunt is. "De Harmonie is even mijn canvas", omskriuwt Ten Velden. "Ik ben aan het werk geweest met verf en heb animaties gemaakt die precies passen op de ramen van De Harmonie."
Fan nijjiersdei ôf is de earste film alle jûnen sichtber. De projeksjes ha gjin ferhaalline, wêrtroch't it net nedich is om stean te bliuwen. Dat is dan ek net de bedoeling yn dizze coronatiid. It aardige is dat foarbygongers hieltyd wer wat oars te sjen krije.
It wurk fan mediakeunstner Frouke ten Velden wie earder ek te sjen by ûnder oare it Van Gogh Museum, it Anne Frank-hûs, it Fries Museum en Museum Princessehof.