Foarwerp nei binnen smiten by plysjeburo Dokkum

By it plysjeburo fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum is mooglik in brânend foarwerp nei binnen smiten. De brânwacht waard krekt foar ienen alarmearre foar in brânmelding yn it plysjeburo. Al frij gau waard lykwols dúdlik dat der foar de brânwacht neat te rêden wie.
Foarwerp nei binnen smiten by plysjeburo Dokkum
Neffens de teamsjef fan it plysjeburo hat der in slim ynsidint plakhân by it plysjeburo. Wat dat krekt is wurdt letter bekend makke. De wurdfierder fan de plysje Noard-Nederlân woe allinnich kwyt dat der 'wat' yn it plysjeburo smiten is. Wat dat krekt wie wurdt noch ûndersocht.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager

Mooglike brânbom

Neffens boarnen giet it om in fjoerwurk- of brânbom dy't rjochting of yn it plysjeburo smiten is. Oer de skea oft fertochten is op dit stuit noch neat bekend.