Gemeente Súdwest-Fryslân mei 1.500 huzen bouwe fan de provinsje

Gemeente Súdwest-Fryslân mei fan provinsje Fryslân 1.500 nije wenten bouwe. Dat is neffens wethâlder Mark de Man in moaie opstekker. De provinsje makket eltse trije jier in prognoaze om te sjen hoe folle huzen der boud wurde kinne.
Wethâlder Mark de Man fan de gemeente Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
"It giet by dizze saken altyd oer: hokker fraach is der no en hokker fraach is der yn de takomst", seit wethâlder De Man. "Wy sjogge dat it dreger is om wenten te finen. Minsken kinne net altyd wat fine. Wy tinke dêr no in moaie slach yn te meitsjen. Dizze romte jout mear fleksibiliteit om yn te spyljen op de fraach dy't der is. Dy kin ek rap feroarje, sjoch mar nei de gefolgen fan it coronafirus. Guon minsken wolle no leaver nei it plattelân yn stee fan de stêd."

Seis dielgebieten

Yn Súdwest-Fryslân binne der seis aparte regio's as it om wenningbou giet, fertelt De Man. "Wy binne as grutste gemeente fan Nederlân eins mear in regiogemeente. Dêr hawwe wy dus ek ferskate dielgebieten yn. Wat yn de binnenstêd fan Snits barre moat, is hiel oars as wat der yn de Súdwesthoeke of by Wytmarsum barre moat. Wy hawwe yn it wenningboubelied seis gebieten. Yn dy gebieten libje eigen fraachstikken oer it type wenten."

Wenningkarriêre

Net elts doarp kin samar op nijbou rekkenje. "Wy binne dwaande mei in strategy. Wy kinne net yn alle doarpen in nije wyk bouwe, sa realistysk moatte je ek wêze. Mar wy wolle wol sjen nei in kwalitative tafoeging, likegoed yn de stêd as yn it doarp", seit De Man. "It giet net allinne om jongerein, mar ek om âlderein dy't bygelyks wer lytser wenje wolle. Eltsenien moat in stap meitsje kinne yn de wenningkarriêre. Oft dat no sosjale hier is, in starterswente is, of wat dan ek."
Wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân