't Woanskip-remix heech yn Fryske Top 100: "Kin my neat skele juh!"

In nije ferzje fan de Fryske klassiker 't Woanskip fan Anneke Douma is ien fan de heechste binnenkommers yn de Fryske Top 100: de hardstyle-remix fan Pieter Sahieter stiet op nûmer 19. Dêrmei is hy heger yn de Fryske Top 100 einige as it orizjineel fan Anneke Douma, dy't op plak 82 stiet.
"Dit is fantastysk fansels, it is wol in goed teken. Wy hawwe besocht safolle as mooglik it orizjineel yntakt en werkenber te hâlden. Mar wy hawwe der ek ús eigen draai oan jûn mei in flink stikje tempo en wat kicks," seit Sahieter.

Bûgje foar it orizjineel

Dochs seit de hardstyle dj dat it ek wol wat nuver fielt om heger te einigjen as Anneke Douma sels. "Ik wol fansels wol loyaal bliuwe oan Anneke, sy hat har al sa lang ynset om de minsken te fermeitsjen. It is moai om der boppe te stean, hoe heger, hoe better, mar ik bliuw bûgjen foar it orizjineel."

"It kin my neat skele juh!"

De sjongster sels hat dêr lykwols hielendal gjin problemen mei. "Och dy leave Pieter, jonge: lokwinske! Ik fyn it fantastysk! Fan dei ien ôf wiest entûsjast. It waard tiid dat it nûmer yn in nij jaske komt, fyn ik. Ik bin der grutsk op. It kin my neat skele juh!", seit sy.
Pieter Sahieter en Anneke Douma

In fersyk fan Anneke Douma

Douma hat ek noch wol in foarstel: "Ik tink by myn eigen, as Cambuur no in goal makket en dizze wurdt dan draait... Dat hâldt de gong der dochs geweldich moai yn yn dizze tiid. Ik wol dat hiel graach."
Anneke Douma en Pieter Sahieter © Pieter Sahieter

Loyaliteitskonflikt

Hoe graach oft Anneke Douma it ek wol, Kees Elzinga fan supportersferiening Kern van Cambuur komt dermei wol yn in loyaliteitskonflikt. "Het is een geweldig nieuw nummer. Het is een nummer voor lekker in 't Hertje, ons supportershome. Maar na een doelpunt, tja. We zijn zo trouw aan het origineel. Dat is zo bekend. 't Woanskip is zó'n ding, als de speaker het op zet gebeurt er wat in het stadion."
Dêrom heart it echt by de klup, seit Elzinga. "Ik weet niet of je dat een-twee-drie moet veranderen. Je moet het origineel niet zomaar overboord gooien. Maar de nieuwe versie is natuurlijk wel lekker om met een biertje op te hossen."
Kees Elzinga fan supportersferiening Kern van Cambuur