Achtkarspelen krijt jild om fiif gefaarlike krúspunten oan te pakken

De gemeente Achtkarspelen krijt 76.000 euro fan it Ryk foar de ferkearsfeilichheid. It jild is bedoeld om fiif krúspunten yn de gemeente oan te pakken.
It krúspunt fan It Langfâl en de Pûsterwei by Surhuzum © Atze van der Ploeg
Twa fan de gefaarlike krúspunten lizze yn De Harkema. De oare trije binne yn Bûtenpost, Surhuzum en Droegeham. De gemeente krijt ek jild foar maatregels op de Zwerus Kooistraat yn Strobos.
Achtkarspelen moat takom jier oan de slach mei de krúspunten, is it betingst fan it Ryk.