Winterjasse-aksje foar thúsleazen nei ien dei al grut sukses

De winterjasse-aksje fan it festival Welcome to the Village is in grut sukses. Op de earste dei (moandei, red.) dat minsken winterjassen ynleverje koenen by it kantoar fan it festival rûn it al stoarm.
Yn gearwurking mei opfangynstânsje Zienn helpt de festivalorganisaasje op dizze wize minsken dy't fan de nachtopfang gebrûk meitsje. Dy ha net altyd de middels om waarme klean te keapjen. Dit jier is it lestich foar Zienn om thúsleazen fan winterjassen te foarsjen, om't troch de coronakrisis de bannen mei de tekstylleveransiers sa goed as stil kamen te lizzen.

'Wauw-faktor'

"Fantastisch hè? Voor mij zit de grote wauw-factor wel in de hoeveelheid mensen die zijn langsgekomen. Iedereen die iets liefs wil doen", seit Britt Wisman fan de organisaasje oer it sukses. "Er zijn echt prachtige spullen ingeleverd, er zijn ook supermooie schoenen ingeleverd, en skipakken en slaapzakken. We zijn er superblij mee."
Gewoanwei wurket it festival mei minsken fan Zienn dy't helpe mei de opbou fan it festival. "We hebben nou niks te doen en vroegen wat kunnen we doen? En er blijkt dus een tekort aan winterjassen te zijn."

Net allinnich jassen

Der lizze steapels jassen, mar ek sliepsekken en truien. "Binnen een uur lag er al een ontzettend grote stapel. Het is zoveel, volgens mij moeten we door het hele land gaan brengen."
Britt Wisman fan de organisaasje
De aksje is tiisdei ek noch fan tolve oant fiif oere. It adres fan it kantoar fan Welcome to the Village is Zwettestraat 30 yn Ljouwert.