Plysje hâldt Drachtster oan mei ferbeane wapens

Yn Drachten is moandei in man fan 19 jier oanholden foar it besit fan wapens. Hy waard yn in tunnel oan de Martinus de Boerstrjitte oantroffen mei in gasdrukpistoal, in flintermes en in keukenmes. Neffens de plysje wie it keukenmes op sa'n wize bewurke dat it dêrmei in ferbean wapen wurden is.
© Facebook Politie Oost-Fryslan
De fertochte is meinaam troch de plysje en moat foar de rjochter komme.
Yn de gemeente spylje al langer problemen mei wapens. Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat him sterk makke foar in messeferbod foar minderjierrigen, nei't ferline jier yn it sintrum fan Drachten in jonge fan 16 deastutsen is.