In mar yn de Himpensermarpolder: opfang foar it wetter, en 'tafeltje dekje' foar de fûgels
Yn hiel Fryslân wie it de ôfrûne dagen wiet, mar yn de Himpensemarpolder leit de rein fan de ôfrûne dagen noch foar de fuotten fan ferslachjouwer Johanna Brinkman. Se stiet mei boskwachter Jeffrey Huizenga by de mar, dy't hjir yn in pear wiken tiid ûntstien is. Yn de polder wurdt no wetter opfongen, as eksperimint: it kin in útkomst wêze foar de provinsje, dy't mei hieltyd mear wetter te krijen hat.
In mar yn de Himpensermarpolder: opfang foar it wetter, en 'tafeltje dekje' foar de fûgels
It wiete natuergebiet is in proef fan Wetterskip Fryslân en Staatsbosbeheer. "Der wurdt al mear as 10 jier praat oer de Himpensemar: is it eventueel geskikt om yn te setten by in kalamiteit mei heech wetter, lykas juster", seit boskwachter Jeffrey Huizenga fan Staatsbosbeheer. "We ha sein: dat moatte we ris besykje. Mei in proef kinne we it kontrolearre dwaan en sjen wat it effekt is".
"Yn de praktyk is it hiel ienfâldich, mar je ha mei brûkers te krijen, mei foarsjenningen", seit Huizinga. Dêrom hat Staatsbosbeheer mei pachters om tafel sitten foar it eksperimint mei it wetter. En dat hie resultaat. "We ha mear as twa wiken lyn it gemaal al útset. Doe pompten we al gjin wetter mear út de polder", seit Huizenga. No leit de polder der al hiel oars by. "Dit is it resultaat, dat mei der wêze. De mar is wer werom."

Foarsjenningen
Nettsjinsteande al it reinwetter duorret it wol efkes foar't de polder echt hielendal ûnder wetter stiet, want ek no kinne je noch sa'n 10 meter de polder ynrinne. Dêrom, seit Huizenga, is it wichtich dat it Wetterskip foarsjennings makket dy't derfoar soargje dat de polder earder folrinne kin as dat nedich is.
Mar earst sil it Wetterskip de polder ôfslute. "It peil is al frij heech", seit Huizenga, "We moatte gjin skea hawwe. Dus de ynlaat giet no ticht en dan sille we sjen oft we it wetter derôf pompe kinne. Dat is in kwestje fan wiken."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman stiet yn de Himpensemarpolder

It kommende jier sil Staatsbosbeheer ûndersykje wat de effekten binne fan it wetter op de natuer, bygelyks op it gers. "Eartiids stiene hiele stikken fan Fryslân blank, dus yn dy sin moat de natuer it maklik hawwe kinne. Mar wat de echte effekten dêr fan binne, sille we takom jier sjen", seit Huizenga.
"Foar it libben yn de polder hat it wol in omslach west", seit Huizenga. Hy krige dan ek in soad fragen fan minsken dy't nijsgjirrich, en somtiden ek benaud binne nei it effekt fan it wetter. "Mar dit is wol de minst kwetsbere perioade", seit Huizenga, "Yn de winter is alles yn rêst, de fegetaasje groeit no net."
'Tafeltje Dekje'
Mar dat jildt net foar de fûgels: guozzen, ljippen en oare wetterfûgels hawwe no in plakje fûn yn de Himpensermarpolder. En komt de boaiem aanst wer boppe wetter, dan sit de grûn fol mei wjirmen en hat it boezemwetter in soad fiedingsstoffen brocht: genôch te iten foar wer in hiel soad oare fûgels. "Dan is it hjir tafeltje dekje", seit de boskwachter. Hy sil de polder it hiele jier yn de gaten hâlde. Foaral de maitiid fynt er nijsgjirrich as it wetter wer fan de polder mealle wurdt en de fûgels weromkomme: "Hoe leit de polder der dan by? Dêr bin ik hiel nijsgjirrich nei."
Boskwachter Huizenga oer de effekten op de natoer fan de Himpensemarpolder
