Advokaat Henri Sarolea (stifting Afvaloven Nee) wint ynternasjonale priis

Advokaat Henri Sarolea fan de stifting Afvaloven Nee, is troch in ynternasjonaal faktydskrift útroppen ta bêste advokaat op it mêd fan miljeuwetjouwing. It blêd Lawyer Monthly lit alle jierren in wrâldwide groep advokaten fakbroeders fan oer de hiele wrâld beoardielje.
De REC yn Harns © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
En sy ha Sarolea dit jier dy ûnderskieding takend. Henri Sarolea is al jierren de advokaat fan de stifting Afvaloven Nee. Hy stiet de stifting juridysk by yn dy syn striid tsjin eigener Omrin fan de ôffaloven yn Harns en de provinsje Fryslân as it giet om wat net goed giet by de ferbaarningsoven.
Sarolea reagearre fernuvere op de ynternasjonale erkenning: "Ik heb geen idee wie hierachter zit, maar ik sluit niet uit dat de zaak van SAN, die we in Brussel tegen Omrin hebben doorlopen, doorslaggevend is geweest bij het toekennen van deze prijs."