Keunstwurk Blauwe Hond stellen út brûnsjitterij
It keunstwurk Blauwe Hond dat yn Burgum komt te stean, is mei de krystdagen stellen út brûnsjitterij Kemner yn Cuijk (Noard-Brabân). De eigner fan de brûnsjitterij hat dat moandei ûntdutsen. Hy begrypt net hoe't de dieven it meinaam hawwe; it brûnzen byld fan de hûn is 1.500 kilo swier.

Oer it keunstwurk is in soad te dwaan. It kostet 75.000 euro. Riedsleden fan de VVD en Partij voor de Boeren ha der gjin goed wurd foar oer dat de gemeente Tytsjerksteradiel der safolle jild ynstekt, yn dizze coronatiid.
It byld wurdt makke troch twa keunstners út Deventer.