Brânwacht yn aksje om stikkene lampe yn Brandaris

De brânwacht is moandeitemoarn betiid oproppen foar in brânmelding yn de Brandaris. It foel ta: de Skylger fjoertoer hie in stikkene lampe, wêrtroch't gas frijkaam wie.
© Rykswettersteat
Troch it gas dat frijkaam gongen de sensoaren oan, wêrnei't de brânwacht in automatyske melding krige. Doe't de brânwacht oankaam ha se alles neisjoen. It blykt allegear goed te wurkjen.
By in stikkene lampe komt der automatysk in nije pit yn, sadat it ljocht fan de fjoertoer oan bliuwt. Moandei oerdei komt in elektrisien del om in nije reservelampe yn de Brandaris te setten.