Neisleep stoarm Bella: wetterstân behoarlik heger, mar gjin grutte problemen

De súdwesterstoarm Bella hat net foar grutte problemen soarge yn it wetterbehear, meldt Wetterskip Fryslân. De wynrjochting wie geunstich, wêrtroch't it oertallige wetter yn de Fryske mearen en fearten safolle mooglik ôffierd wurde koe nei de Waadsee en de Iselmar. It Wetterskip giet de kommende dagen noch troch mei it ferleegjen fan de wetterstân yn de Fryske boezem.
Heech wetter by Burchwert © Minne Schiphof
De ôfrûne dagen is der in soad reinwetter fallen en dêrtroch is de gemiddelde wetterstân noch heech. Op guon plakken foel soms wol 60 milimeter. "Troch de hurde wyn is de wetterstân lokaal behoarlik oprûn", fertelt Henk Flikkema fan it Wetterskip. "Mar we wisten dat de stoarm net hiel lang duorje soe. Doe't de wyn sakke, krigen we wer wat lucht."

Goed te behearskjen

Echt grutte problemen hat stoarm Bella net feroarsake: "Op guon plakken is wol wat wetter oer de kaden rûn, mar it wie frij goed te behearskjen." It Wetterskip hie previntive maatregels naam om wetteroerlêst safolle mooglik foar te kommen. De wetterstân yn de Fryske boezem is nei ûnderen brocht en tal fan slûzen binne sletten.
It gong it hurdst yn it midden en boppeyn de provinsje, fertelt Flikkema. "Yn Harns hiene we in frij hege wetterstân, dus dêrom koenen we dêr net spuie. Dan krijst ek in hege wetterstân yn it Noarden."

Prognoaze wie alarmpeil

Mar ferlike mei de ferwachtingen falt it ta: "Neffens de prognoazen soenen we in wetterstân tsjin 32 milimeter berikke. Dan sitte je tsjin it alarmpeil oan, de kalamiteitefaze. Mar dat ha we úteinlik net berikt."
It Wetterskip ferwachtet dat it wetter op 1 of 2 jannewaris wer op it streefpeil sit.