Frachtweinsjauffeur Bas is wer thús út Ingelân: "Uiteindelijk ging het supersnel"

Frachtweinsjauffeur Bas Groeneveld dy't wurket foar Boonstra Transport yn Haulerwyk, is wer thús. Hy stie hast in wike mei syn frachtauto fêst yn Ingelân. Mei tûzenen oare sjauffeurs woe er werom nei it Europeeske fêstelân ta, mar dat slagge hieltyd net. De grinzen wiene ticht fanwegen in mutaasje yn it coronafirus dy't yn Ingelân oantroffen is.
Bas Groeneveld yn Kent © Bas Groeneveld
Sûnt ôfrûne woansdei kinne sjauffeurs mei in negative test dochs noch de pont of trein nimme. Mar de prosedueres dêrfoar wiene lang. Dochs kaam der skot yn de saak, want Groeneveld is no thús. "Sinds eerste kerstdag, 's avonds tegen middernacht aan, kwam het leger een test afnemen en die was uiteindelijk negatief", fertelt er. "Vanaf half vier 's ochtends ben ik mondjesmaat naar de trein gegaan en toen is het eigenlijk supersnel gegaan. Gisteravond om kwart over acht ben ik binnengereden."
Dat it op it lêst sa fluch gie, wylst er dêrfoar dagen lang stilstie, fernuvere Groeneveld wol wat. "Ik denk dat het echt te maken heeft met dat het leger werd ingeschakeld." Dat wie ek nedich, want sjauffeurs rekken yn de problemen om't se sûnder iten en drinken kamen te sitten. Gelokkich brocht it leger itenspakketen en hie de lokale befolking boadskippen dien foar de frachtweinsjauffeurs. "Uiteindelijk was het laatste stuk helemaal top, want alle voorzieningen waren er", seit Groeneveld.
De krystdagen koe er dus net by syn neisten trochbringe. "Ik heb geen kerst meegemaakt. Ja, in de auto natuurlijk wel en met videobellen, dus dat was toch wel een grote bemoediging. En natuurlijk ook met mijn werkgever, collega's en mijn familie die me elke dag belden. Dat was helemaal super. Alleen, echt met mijn gezin heb ik niet zoveel meegemaakt, helaas. Maar nou ben ik wel lekker thuis."
Frachtweinsjauffeur Bas Groeneveld