Kok pleatst har mei twadde tiid yn Thialf ea foar WK, ek Schulting pakt ticket op 500 meter
Femke Kok fan Nij Beets en Suzanne Schulting fan It Hearrenfean ha harren sneintemiddei op de 500 meter pleatst foar it WK ôfstannen en de twa wrâldbekers. Michelle de Jong fan Rottum kaam tekoart foar de WK-tickets, mar pleatste har wol foar de wrâldbekers.
Femke Kok, Suzanne Schulting en Michelle de Jong:
Femke Kok
Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?
Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion holden.

De 500 meter gie oer twa ritten, wêrby't allinnich de fluchste tiid telt. Kok wie nei har earste rit eins al wis in WK-ticket. De 20-jierrige reedrydster ried in persoanlik rekôr fan 37,08. Dat is mar twa hûndertsten boppe it nasjonale rekôr út 2013 fan Thijsje Oenema, dat riden waard op heechlân yn Salt Lake City. Yn har twadde rit kaam Kok dêr mei 37,36 net mear yn de buert.
Michelle de Jong stie nei de earste rit mei in persoanlik rekôr fan 37,79 op it tredde plak. Foar Schulting (9e yn 38,31) en Marrit Fledderus (8e yn 38,30) wie der yn de twadde rit noch wurk oan de winkel.
Schulting revansearret har
Yn de twadde rit wie Schulting in hiel stik flugger. Se ferbettere har persoanlik rekôr, dat noch mar sa âld wie as har earste rit, nei 37,71. Dêrmei kaam se op it tredde plakje telâne. Dat wie dan wer yn it neidiel fan Michelle de Jong, dy't har tiid yn de twadde rit net ferbettere koe.
Fledderus ferbettere harsels noch wol, mar mei 38,05 wie dat net genôch om har te pleatsen. Ek Marijke Groenewoud fan Hallum, Helga Drost fan Akkrum, Janine Smit fan It Hearrenfean en Letitia de Jong fan Feanwâlden koene harren net kwalifisearje foar de ynternasjonale toernoaien.
Snelste 500 meters
1. Femke Kok | 37,08 |
2. Jutta Leerdam | 37,24 |
3. Suzanne Schulting | 37,71 |
4. Michelle de Jong | 37,79 |
5. Dione Voskamp | 37,93 |
7. Marrit Fledderus | 38,05 |
11. Janine Smit | 38,21 |
12. Helga Drost | 38,43 |
13. Marijke Groenewoud | 38,57 |
18. Letitia de Jong | 38,93 |