Antoinette de Jong en Ireen Wüst pakke WK-tickets op 1.500 meter

Antoinette de Jong fan Rottum en Ireen Wüst fan It Hearrenfean hawwe harren op it kwalifkaasjetoernoai yn Thialf pleatst foar it WK ôfstannen en de twa wrâldbekerwedstriden. De Jong sette de rapste tiid del mei 1.54,28, wylst Wüst yn 1.54,98 as twadde oer de finish kaam. It lêste startplak foar it WK gie nei Melissa Wijfje.

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

Neist WK-tickets wiene der yn Thialf dus ek wrâldbeker-startplakken te ferdielen. Irene Schouten (1.55,70) en Jorien ter Mors (1.56,10), dy't tsjintwurdich yn Aldeberkeap wennet, giene der mei dy oerbleaune tickets fantroch.
Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge (19e yn 2.00,31), Reina Anema fan De Gordyk (8e yn 1.56,97) en Marijke Groenewoud fan Hallum (7e yn 1.56,85) kamen tekoart foar de tickets foar de ynternasjonale wedstriden.
De froulju ride op snein de 3.000 meter. Dan wurdt bekend hokker froulju harren, neist De Jong, pleatse foar it EK allround.

Utslach 1500 meter froulju

1. Antoinette de Jong 1.54,28
2. Ireen Wüst 1.54,98
3. Melissa Wijfje 1.55,37
4. Irene Schouten 1.55,70
5. Jorien ter Mors 1.56,10
7. Marijke Groenewoud 1.56,85 (PR)
8. Reina Anema 1.56,97
19. Myrthe de Boer 2.00,31 (PR)