Omrop TIP: Frisse Noas-kompilaasjes yn Buro de Vries: Wat in ferhaal!

It jier 2020 sil de skiednisboeken yngean as it jier fan de corona. Doe't Rutte by de earste lockdown melde dat we sa folle mooglik thúsbliuwe moasten en der eins allinnich noch út mochten foar 'in frisse noas', wie dat feitlik it begjin fan in nije rubryk. Spontane moetings dy't kollega René Koster rûnom yn de provinsje mei in ferskaat oan Friezen hat. Mei de mikrofoan op in stôk fan oardel meter. De kommende twa sneinen yn Buro de Vries in kompilaasje fan dy petearen.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Sitte jo wolris oer josels yn?", "Jo binne allinnich?" en "Hoe komme jo dêr wer út?" binne samar in pear fragen dy't ferslachjouwer René Koster stelt yn syn ûnderweisportretsjes fan foarbygongers. It hiele jier troch te hearren yn it radioprogramma Buro de Vries op sneintemoarn. Spesjaal foar de leafhawwers en om it nochris nei te harkjen, stjoert Omrop Fryslân Radio de kommende twa sneinen (27 desimber en 3 jannewaris) in kar út de Frisse Noazen út.
Foarpriuwke Frisse Noas-kompilaasje