Help biede oan flechtlingen: "It binne folweardige minsken, lykas do en ik"
Roos Ykema fan Raard wurket al seis jier mei flechtlingen. Yn dy jierren sjocht se dat it miskien wol hieltyd minder giet mei dizze kwetsbere groep minsken. Dat makket it foar Ykema net maklik om posityf te bliuwen. "Mar ik bliuw se helpen. Dat fielt foar my as in plicht."

Ykema is dúdlik wêrom't se help jout oan flechtlingen. "Ik ha gelok hân mei myn libben, en ik kin op dizze wize wat dwaan foar oare minsken. It fielt foar my as myn plicht om flechtlingen te helpen." Se jout net allinnich help, mar wol ek dat minsken bewust wurde fan it politike spul deromhinne. "Yn Nederlân is de fokus lang west op help, lykas jild of tekkens of sa. Mar troch politike deals sitte flechtlingen jierrenlang fêst yn kampen lykas Moria, op Lesbos. As dêr gjin oplossing foar komt, bliuwst dwaande."
Harkje nei Roos Ykema
Neffens Ykema is just de coronatiid in goed momint om oandacht foar flechtlingen te freegjen. "De measte minsken ha it, sels yn coronatiid, noch altyd better dan de minsken yn flechtlingekampen. Troch oandacht te jaan oan dizze groep, krije we miskien wat mear begryp foar oaren dy't it noch minder ha as wysels. Faaks sjogge wy nei dizze minsken as probleem, mar it binne folweardige minsken lykas do en ik, dy't krekt as ús rjocht ha om te wenjen en te studearjen op in plak dêr't se har feilich fiele."