Ofrûne wike 1.804 coronabesmettings; foar tredde wike op rige eksplosive stiging

Foar de tredde wike op rige is it tal coronabesmettingen yn Fryslân eksplosyf groeid. It RIVM meldt oer de ôfrûne sân dagen 1.804 besmettingen, tsjinoer 1.384 in wike earder. Dat wie doe ek al in taname fan 40 prosint yn ferliking mei de wike dêrfoar. Noch noait waarden yn ien wike safolle besmettingen fêststeld yn Fryslân.
© Shutterstock.com / Shawn Hempel
Mei de 1.804 positive testen fan ôfrûne wike binne no yn totaal 13.156 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it coronafirus sûnt 10 maart. Doe waarden op De Gordyk de earste twa besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte positive besmettingen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Ljouwert, yn totaal 334. Dat is 19 prosint fan it Fryske totaal. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân wiene de ôfrûne wike 302 besmettingen.

Fiif stjergefallen

Der binne fiif stjergefallen meld yn Fryslân as gefolch fan corona. Dat is ien minder as de ôfrûne wike. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 153. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
18 desimber - 24 desimber 1804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Sjoch foar mear nijs oer it coronafirus op ús dossierside.