FIDEO: Kompilaasje ljochtkeunstwurken 11 Andere Oorden

In ljochtpuntsje yn dizze ekstra tsjustere tiden, dat wie it doel fan it keunstprojekt 11 Andere Oorden. Yn oanrin nei de krystdagen wiene der op alve strikt geheime lokaasjes ferspraat oer Fryslân ljochtkeunstwurken te sjen. Sa waard de loftwachttoer yn Aldemardum yn it ljocht setten en wie der in fideoprojeksje fan it krystferhaal te sjen by de terpôfgravings yn Hegebeintum. De keunstwurken binne makke troch it LUNA Collective, bekend fan it ljochtfestival yn Ljouwert. Publyk koe der net live by wêze, mar koe it fia Omrop Fryslân alle jûnen sjen. Hjirûnder in kompilaasje fan alle âlve plakken:
11 andere oorden dei compilatie
11 Andere Oorden wie in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand waard op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter eltse projeksje sit in krystgedachte. Fanwege de beheinende coronamaatregels mocht der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom te sjen by Omrop Fryslân en op www.friesland.nl/11oorden.