Alde Fryske Tsjerken lit klokken liede op earste krystdei ta opmoediging
Stichting Alde Fryske Tsjerken sil op earste krystdei om 19.00 oere sawat alle klokken liede fan de 53 tsjerken dy't it yn besit hat. De stichting docht dit om Fryslân in bytsje op te moedigjen, as teken fan ferbûnens, treast en hoop.

"Door de lockdown en alle andere maatregelen als gevolg van de coronacrisis, is het voor veel mensen een moeilijke tijd. Daarom willen we met dit gebaar iedereen een hart onder de riem steken," sa lit Stichting Alde Fryske Tsjerken witte. Mei de earste lockdown hawwe meiwurkers fan de stichting de klokken ek al ris let.