Manon Kamminga ferkeazen ta Maratonrydster fan it Jier

De yn Haulerwyk berne Manon Kamminga is tongersdei mei Gary Hekman ferkeazen ta Maratonrider fan it seizoen 2019-2020. Nei in training waard it duo as ferrassing opwachte troch it KNSB.
Manon Kamminga © Orange Pictures
Kamminga en Hekman pakten likegoed op natueriis as keunstiis prizen. Manon Kamminga wûn ûnder oare op natueriis it KPN Grand Prix-klassemint. Ek wie sy earste yn de algemiene ranking fan it seizoen en einige sy as tredde yn it klassemint om de KPN Cup. Op keunstiis behelle sy twa kear de winst fan de dei yn cupwedstriden en sy wûn it sprintklassemint fan de Trachitol Trophy. Op natueriis kaam sy fjouwer kear as winner oer de streek.