Harkje hjir nei de Fryske Flappie: "It wie krystmoarntiid, 1961..."

"It wie krystmoarntiid, 1961. Ik wit it noch sa goed, myn kninehok wie leech. En ik mocht fan mem net yn it skuorke komme. Gean no mar hinne en boartsje, dan krijst snobguod, sei sy steech." Sa begjint Flapke, de Fryske ferzje fan it nûmer Flappie dat Youp van 't Hek skreau. Yn it ramt fan syn kryst-cd hat koarsjonger Ernst Vermeulen it ferske nei it Frysk oerset.
© Shutterstock.com (JenJ Payless2)
Harkje hjir nei de Fryske Flappie: 'Flapke'
Koartlyn kaam yn it nijs dat de Amerikaanske singer-songwriter Todd Rundgren in Ingelsktalige cover makke hie fan de grutte krysthit fan Youp van 't Hek út 1980. "Toen ik de Amerikaanse versie tegenkwam en hoorde dat van Van 't Hek daar geen problemen mee had, dacht ik: dan moet er wat gebeuren. Ik ben er even voor gaan zitten en toen had ik het zo gedaan," seit Vermeulen.
Grappich is dat hy wol fan Dronryp komt, mar eins sels net iens Frysk praat. Dêrom hat hy ek wat help krigen by it skriuwen. "Ik heb een goede vriend-collega bariton die Luitzen Bakker heet. Ik ben geen native speaker van het Fries, maar wel in een Friese omgeving opgegroeid. Dus ik heb een vertaling gemaakt, die ik weer aan hem heb voorgelegd om te corrigeren."
Yn 't foar hat er wol efkes kontakt besocht te lizzen mei Youp van 't Hek. "Todd Rundgren heeft zijn Engelse versie zomaar op YouTube gegooid, maar ik wilde het wel netjes doen. Dus ik wilde wel dat men er vanaf wist, dus ik heb zijn management gewoon gebeld," fertelt Vermeulen. It wie gjin probleem dat er in Fryske oersetting makke.

Winterreise fan Schubert

De oanlieding wie dat hy in cd makke hat fan de Winterreise, wurk fan de komponist Franz Schubert. "Die Winterreise-cd, daar heb ik anderhalf jaar heel veel lief en leed in gestopt. En als ik daar met behulp van een kerstkonijn een podium voor krijg, dan kan ik daar alleen maar blij mee zijn." Hielendal yn dizze coronatiid, seit de sjonger. "Alle optredens zijn gecanceld, zoals voor zoveel mensen. Ik had die Winterreise graag ten gehore willen brengen, maar dat kan gewoon niet."
Vermeulen hopet dat Fryslân syn ferzje fan Flappie wurdearje kin en hy winsket eltsenien: "Noflike krystdagen, in lokkkige lockdown en in folle better '21."
Koarsjonger Ernst Vermeulen