'Amateurs' Talsma en Anema op jacht nei WK-tickets, "mar de konkurrinten jeie no ek op ús"

Op papier binne Marwin Talsma fan Grou en Reina Anema fan De Gordyk amateursporters, mar dit wykein behearre se gewoan ta de favoriten om in startplak foar it WK ôfstannen te feroverjen. De reedriders waarden yn harren tarieding lykwols beheind troch it coronafirus. "Dat docht dochs wat mei je", seit Talsma.
Team Frysk
De riders fan Team Frysk traine gewoanwei yn de Alvestêdehal yn Ljouwert, mar dat is gjin topsportlokaasje en dus mocht dêr fanwegen de coronamaatregels allinnich yn lytse groepkes en op oardel meter traind wurde. "Wy meie net yn treintsjes ride. En dat is dochs, ast op dit nivo ride moatst, ien fan de dingen dy't je fansels wol dwaan moatte", seit trainer Siep Hoekstra.

"Net de bêste oplossingen"

Boppedat waard nei de coronataspraak fan premier Rutte de iishal yn Ljouwert folslein sletten. Team Frysk moast dêrom útwike nei Thialf en mocht allinnich traine op de oerkes foar de riders fan de massastart. "It binne net de bêste oplossingen dy't je betinke kinne, en it duorret gewoan hiel lang foar't dy oplossingen der überhaupt binne", seit Talsma.
Anema hat lykwols minder lêst fan de coronaperikels. "Ik ha leard om dat wat neist my del te lizzen. Ik kin dat dochs sels net regelje, ik kin der neat oan dwaan", seit de 27-jierrige reedrydster. Ek Talsma hat it yntusken loslitten. "Oer it algemien, mei in minne tarieding ryd ik ek wol aardich goed. Dus wat dat oanbelanget...", laket de Nederlânsk kampioen op de 10 kilometer.

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion hâlden.
Marwin Talsma op it NK-poadium © Orange Pictures
Talsma wûn dit seizoen al brûns op it NK allround en pakte op it NK ôfstannen sels it goud op de 10 kilometer. Ek foar Anema is it it bêste jier fan har karriêre. De reedrydster, dy't de ôfrûne jierren ek noch gewoan as juffrou foar de klasse stie, waard tredde op it allroundkampioenskip en wûn op it NK ôfstannen sawol op de 3.000 meter as de 5.000 meter it sulver.
Je soene tinke dat de WK-tickets dan foar it gripen lizze, mar trainer Hoekstra is foarsichtich: "Wy ride net op safe, mar wy ride wol earst op it fiifde plakje. De prestaasjetichtheid hjirre yn Nederlân is sa ferskriklik heech."

Hegere doelen

Anema doart wol wat fierder te gean. Sy wol in WK-ticket. "Dat is it doel", seit se. Anema hat de ôfrûne jierren leard om hegere doelen te stellen. "Ik wie echt hiel bot dwaande mei myn ûntwikkeling, noch altyd wol. Ik wie minder dwaande mei it einresultaat, mear mei it proses. It is no dus ek wol belangryk om yn it foar mei it resultaat dwaande te wêzen."
Mar wat no as Team Frysk nei trije dagen reedriden aanst mei lege hannen efterbliuwt, oerhearsket dan de teloarstelling? "Nee. Us doel is folgjend jier, dêr ha wy alles op ynset. Wy lizze eins foar op skema", seit Hoekstra, dy't dêrmei doelt op de Olympyske Spelen fan 2022 yn Peking.
Reina Anema yn aksje © Orange Pictures
Der is lykwols in kâns dat sawol Talsma as Anema dan net mear foar Team Frysk ride. Mei ferskate NK-medaljes yn 'e bûse binne beide riders ynteressant foar kommersjele ploegen. "Ik ha noch gjin kontrakt tekene, mar we sjogge wat der op ús paad komt. Ik wit sels ek net wat it bêste foar my is", seit Talsma, dy't earder al wol by in kommersjele ploech ried. "Dat wiene miskien net myn twa bêste jierren, mar ik ha der wol in protte fan leard."
Ek Anema is weromhâldend. "Ik tink dat ik my goed ûntwikkelje by Team Frysk. Dan is de fraach: moatte je dat in jier foar de Spelen noch feroarje?", seit se. "As der in team komt, dan moatte se in goed plan hawwe wêrom't sy tinke dat se my op de Spelen krije kinne."

Traine en libje as topsporters

It is fansels wol oantreklik om yn dizze ûnwisse tiden net as amateur de tarieding op de Spelen yn te gean. Dat begrypt ek Hoekstra. "Wy binne hurd oan it wurk om dy situaasje te feroarjen. It bestjoer is mei de sponsoaren dwaande, dy reagearje hiel entûsjast om't se sjogge dat wy ferskriklik hurd oan it wurk binne. Wy traine en libje as topsporters", seit de trainer en coach.

Jeie

Foar no giet de fokus by Team Frysk earst op it kwalifkaasjetoernoai fan kommend wykein. Dêrby behearre 'amateurs' Talsma en Anema mei harren earemetaal op de NK's gewoan ta de favoriten foar in WK-startplak. "Favoryt wit ik net seker te sizzen, mar minsken sjogge no altyd nei je. Siep (Hoekstra, red.) seit wolris: earder koene je op minsken jeie, no wurdt der op dy jage. Dat hâld ik yn myn efterholle, en wy sille gewoan hurd ride", sa seit Talsma.
De folsleine ynterviews mei Marwin Talsma, Reina Anema en trainer Siep Hoekstra: