Ald-PvdA-wethâlder Ines Pultrum fan Smellingerlân stoarn

Ald-wethâlder Ines Pultrum fan de PvdA is stoarn. Hy siet sûnt 1986 yn de rie en wie fan 1994 oant 2004 in markante en eigensinnige wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Pultrum is stoarn yn syn wenplak De Houtigehage.
© Eigen foto
Pultrum wie ûnder oare de driuwende krêft achter it wer útdjipjen fan de Drachtster Feart en wie ferantwurdlik foar de bou fan in grut tal nijbouwiken. Hy stapte om persoanlike redenen op as wethâlder.
Tsien jier lyn stie Pultrum oan de widze fan in nije partij, de Sociaal Liberale Volkspartij, in gearwurking fan sosjalisten en liberalen dy't klear wienen mei de 'betutteling' yn de polityk. Dizze partij die fergees mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn 2010. Pultrum hat syn hiele libben yn De Houtigehage wenne en is 73 jier wurden.