GGD: Mear as de helte fan de Friezen fielt him iensum troch corona

Mear as de helte fan de Friezen fielt him iensum. Dat blykt út it lêste panelûndersyk fan de GGD. It tal minsken dat him iensum fielt, leit in stik heger as yn de earste coronagolf. Doe wienen it ek benammen jongerein dy't har iensum fielden, no binne it ferskate leeftiidsgroepen.
© Shutterstock.com / fizkes
GGD-direkteur Margreet de Graaf oer it ûndersyk
Minsken oant 25 jier ha wol faker lêst fan psychyske klachten as oare groepen. De measte minsken ha wol begryp foar de maatregels dy't jilde yn dizze perioade. Sa snapt 88% fan de dielnimmers oan it ûndersyk dat je mei de krystdagen mar trije gasten útnûgje meie. Goed fjouwer op de fiif minsken is ek fan doel om dy maatregels op te folgjen.
Trijekwart fan de minsken fiere de krystdagen thús, ien op de fiif giet nei de famylje ta. Dokters fan de GGD meitsje har wol soargen oer de fersprieding fan it firus yn dizze perioade, omdat minsken elkoar opsykje. Want sels mei de beheiningen it kabinet oplein hat, kin it firus maklik ferspraat wurde.

Faksinaasjetariedings geane troch

Yn dizze wiken geane de tariedingen op it faksinearjen yn it Ljouwerter WTC Expo troch. It faksinearjen fan soarchmeiwurkers set op 18 jannewaris útein. Yntusken binne der 325 minsken dy't har meld ha om te helpen by it faksinaasjewurk. Dat giet om minsken dy't de faksinaasjes útfiere, mar ek om gasthearen- en froulju, parkearwachters en dokters.

Mear testen ôfnommen

It tal testen dat ôfnommen wurdt yn de ôfrûne wike leit heger as in wike earder. Sûnt freed wurde alle dagen yn trochsneed 1.910 testen ôfnaam, in wike earder wie dat noch 1.880 deis. Sûnt it begjin fan de útbraak binne no 170.000 Friezen test. Dat betsjut dat sawat ien op de fjouwer Friezen test is.
Jan Kloosterman fan Bûtenpost wie lang oansprekpunt foar minsken mei iensumensklachten