Plysje Noard-Nederlân wrakselet mei hege druk en oerbesetting

Der stielt in seker machteleasheid út. It slagget de plysje Noard-Nederlân mar net om grip te krijen op it personielsbestân. Dat giet alle kanten op: fan oerbesetting oant knipend tekoart oan minsken en hege wurkdruk yn oare dielen fan it korps.
© De Vries Media
Der hinget al jierren in tjustere wolk boppe it korps. Dy ûntstiet sân jier lyn by de yngripende reorganisaasje: de komst fan de Nationale Politie yn 2013. Foar dy tiid bestie de plysje út 26 selsstannige korpsen. Elk korps bepaalde sels hoefolle eigen minsken en hoeveel jild der nedich wie om harren taken goed út te fieren. Elk korps hantearre dêrby harren eigen spulregels. Dat wol sizze: elk korps stelde sels prioriteiten. Moat dy bygelyks by de wykagint lizze of by de opspoaring of wer earne oars.

Opkomst ienheid Noard-Nederlân

Dat feroare dus mei it ûntstean fan de Nationale Politie. Om de plysje slachfeariger en doelmjittiger te meitsjen, kaam der ien korps, ûnder lieding fan de minister fan Veiligheid en Justitie. De burokrasy moast minder wurde en de ûnderlinge gearwurking better.
It gefolch foar it noarden is dat de plysjekorpsen fan Drinte, Fryslân en Grins opgongen yn de plysje Noard-Nederlân. De troepen waarden herferdield. Foar it relatyf sjoen tinbefolkte gebiet pakte dit min út. Der binne op dat momint sa'n trijehûndert plysjebanen tefolle, sa is lanlik bepaald.
Dizze saneamde oerbesetting moast yntern oplost wurde. Dat betsjut; de plysje Noard-Nederlân moast sels derfoar soargje dat it oerskot oan FTE's ferdwynt. Dat giet net sûnder problemen.

Gjin twongen úntslaggen

As earste is der in ôfspraak dat as der troch de reorganisaasje in oerkapaisiteit is, dit tastien wurdt.
As twadde ha de plysjefakbûnen in stevige finger yn de pap. By de reorganisaasje yn 2013 twongen sy ôf dat der gjin twongen ûntslaggen falle meie. Dit ter beskerming fan de eigen meiwurkers. Ek binne der gjin konsekwinsjes as binnen fiif jier de oerbesetting net fuortwurke is. Dit set de plysje foar in lestich probleem, hielendal omdat op de wurkflier sels noch in hege wurkdruk ûnderfûn wurdt.
Plysjeminsken binne dus goed beskerme. Dat helpt net by it oanpakken fan de personielsproblemen, fine de managers. 'De rechtspositie werkt belemmerend voor het organisatiebelang,' stiet notulearre by in managementoerlis yn oktober 2017. Dochs wurde der meardere pogingen dien om dy opleine oerbesetting fuort te wurkjen.
Se leverje stik foar stik net it winske resultaat op. Sa slagget it mar net op it wurk better te ferdielen binnen it korps. In soad aginten bliuwe sitten wêr't se sitte. Ta gefolch dat der te folle aginten op bepaalde plakken binne en júst te min by mei name spesjalistyske ôfdielingen. En dêr rint de wurkdruk hieltyd fierder op.

'Oververtegenwoordiging wijkagent'

Yntusken binne yn it noarden foaral de wykaginten goed fertsjinwurdige. Op papier yn elts gefal. Neffens plysjebûnen ACP en NPB wurdt dat oerskot net fielt troch de aginten sels. It weromdringen fan de kapasiteit makket dy wurkdruk allinnivh noch mar heger. "Het in de wijk aanwezig zijn, wordt alleen nog lastiger als de boventalligheid terugloopt", skriuwe de bûnen.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Boppedat wurde wykaginten 'fuortplukt' om earne oars yn it lân bygelyks in demonstraasje te begelieden. Der binne yn it Noarden dochs te folle. Op papier bliuwt it team fan de wykagint folweardich beset, mar yn de praktyk misse syn kollega's ien in hiele dei. Of meardere dagen of nachten. In lanlik probleem en yn it Noarden is dat net oars.
De ynterne organisaasje wurket ek net bot mei. Op 30 april 2018 wurde de persoanielsproblemen foar de safolste kear besprutsen yn in managementoerlis. 'De teamchefs zijn niet in staat om de bezetting af te bouwen.'

Fergrizing en pensjoen

Der binne wol inkele opsjes om it oantal plysjemeiwurkers te ferminderjen. As earste is de fergrizing fan it korps. Yn Noard-Nederlán stean relatyf folle plysjemeiwurkers foar harren pensjoen. Mei it net ynfoljen fan de gatten dy't sy efterlitte, kin de oerbesetting fia natuerlik ferrin sels yn twa jier fuortwurke wurde, sa is de gedachte. Ynfloed op de delgong fan de oerbesetting is de Regeling Vervroegde Uitdiensttreding (RVU) dy't yn april dit jier is ôfsprutsen.
In protte plysjemeiwurkers dy't fan plan wiene begjin 2020 mei pensjoen te gean, ha noch even wachte oant de CAO-ûnderhannelingen klear wiene. Ut dize ûnderhannelingen kaam de RVU, wat foar in soad aginten in trigger wie dêr gebrûk fan te meitsjen en earder út tsjinst te gean. Dit effekt is werom te sjen yn de oerbesettingssifers fan april oant en mei augustus dit jier.
Dochs nimt dit mar in diel fan de oerbesetting wei. De fakbûnen sette him skrap. Want sy binne benaud dat de wurkdruk by it net ferfangen fan de ôfswaaide âlderein, noch fierder tanimme sil. Der binne nammentlik net genôch nije aginten om de âldere kollega's mei ûnderfining 1-op-1 te ferfangen. Dy moatte noch wat mear ûnderfining opdwaan.
Boppedat stelt de Noardlike ienheid regelmjittich yn de stikken foar om de ynstream fan aspirant-aginten te ferminderjen. Dêr komt by dat de ûnderfining en fakkennis fan pensionado's net altyd ien-op-ien te ferfangen. Dat soarget der no al regelmjittich foar dat fakatueres dy't ûntstean toch lanlik iepenset wurdt, en der júst mear oerbesetting ûntstiet. Ek binne der noch hieltyd studinten dy't oannaam wurde oan de plysje-oplieding. Al wiene dat der de ôfrûne jierren wat minder as gewoan, fanwege de offisjele oerbesetting.

'Hek om de eenheid'

In oare oplossing dy't betocht wurdt is de regeling fan Tijdelijke Tewerkstelling. As der fakatueres ûntstean yn Noard-Nederlân, dan is de plysje ferplicht om dy foar hiel Nederlân iepen te setten. Mei as mooglik gefolch dat minsken fan bûten Noard-Nederlân op dy fakatueres reagearje. It gefolch: de oerbesetting nimt ta, yn plak fan ôf.
Om dit tsjin te gean stelt de plysje yn dat as der earne in plak frij komt der in geskikte wurknimmer fan binnen de ienheid Noard-Nederlân tydlik dy plak ynnomme mei, sûnder dat dygene formeel oerpleatst wurdt. As nei twa jier blykt dat dit goed útpakt, dan folget formele oerpleatsing. Op dy manier is in ûnbesette funksje asnoch beset, sûnder dat der in lanlike fakature útskreaun hoecht te wurden.
Yn de stikken dy't yn hannen binen fan de regionale omroppen wurdt dit in 'het zetten van een hek om de eenheid Noord-Nederland' neamd. Gjinien fan búten Noard-Nederlân mear nei binnen dus. Ek dat blykt makkeliker sein as dien.

Heaken en eagen

Yn de trije noardlike provinsjes is in gebrek oan spesjalistyske kennis. Tink oan technyske resjersjeurs of aginten dy't cybercrima oanpakke. Mar ek ûntbrekt it yn it Noarden oan foldwaande meiwurkers foar it opnimmen fan oanjeften en persoansbefeiligers. Fraach is oft dy funksjes wol yntern op te fangen binne.
De Noardlike ienheid hat neffens de fakbûnen resint bûten de eigen regio cybercrimespesjalisten wûn. Mar spesjalisme dus, mar ek in hegere besetting en dat is júst net de bedoeling.
En sa sit oan elke oplossing de nedige heaken en eagen. Dy oerbesetting hinget noch hieltyd as in munestien om de hâls fan it noardlike korps.

Ein oerbesetting yn sicht

It stiet regelmjittich yn de stapel stukken en notulen fan de ôfrûne fiif jier: yn 2021 moat de oerbesetting by de plysje Noard-Nederlân fuortwurke wêze. Dat slagget net. Dêr floeit gjin bloed út; sanksjes binne der net oan ferbûn. En sa ûntbrekt de stok efter de doar om tempo te meitsjen.
Der is alwer in nije realiteit sketst. Yn in managementferslach fan 13 maaie 2019 jout de ienheidsleiding fan Noard-Nederlân oan dat de oerbesetting seker oant 2025 bestean bliuwt.
It ministearje fan Veiligheid en Justitie stelde yn novimber fan dit jier dat der yn elk gefal oant 2024 en mooglik noch langer lanlik in ûnderbesetting by de plysje wêze sil. Mar wêr de oare ieneden júst mear minsken derby krije om de wurkdruk te ferleegjen, moatte yn it Noarden yn elts gefal oant 2025 noch banen skrapt wurde.
Hoe dan? Dêr moat de korpslieding de kommende fiif jier in antwurd op jaan. Mar of dat slagget is sjoen de wrakseling fan de ôfrûne tiid noch mar de fraach. Toch hat de plysjesjef fan Noard-Nederlân Gery Veldhuis der yntusken fertrouwen yn. Want nettsjinsteande dat der genôch wurk is foar júst mear aginten, seit yn reaksje op it ûndersyk fan de trije omroppen ek: "Ik ga er nu voor zorgen dat de formatie en de bezetting in evenwicht komen (dat de overbezetting is weggewerkt.), en dat gebeurt in 2022."