Thialfsjitter yn heger berop frijsprutsen fan sjitten; wol trije moannen sel foar toanen wapen

De man dy't derfan fertocht waard dat er yn jannewaris 2017 by iisstadion Thialf op It Hearrenfean sakeman Bert Jonker beskeat, is dêrfan yn heger berop frijsprutsen. Neffens de rjochter kin it net bewiisd wurde dat de fertochte sketten hat of mei opsetsin hannele. It gerjochtshôf yn Ljouwert hat him wol feroardiele ta trije moannen sel foar bedriging om't er in wapen toande oan Jonker.
Thialfsjitter yn heger berop frijsprutsen fan sjitten
De straf is folle leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje. De oankleier frege yn heger berop om 3,5 jier sel foar it besykjen ta deaslach. De rjochtbank yn Ljouwert feroardiele de 60-jierrige man yn 2019 ta 2,5 jier sel fanwegen swiere mishanneling.
De fertochte en it IM giene yn berop. De sjitter waard yn earste ynstânsje ek fertocht fan besykjen ta ôfparsing fan Jonker, mar dit liet it IM falle. Dêrtroch falt de eask no leger út.

Undúdlik wat der krekt barde

It ynsidint barde op it parkearplak. De twa hiene in saaklik konflikt. De fertochte kaam neist de auto fan Jonker stean doe't dy fuortgean woe. Wat der dêrnei barde, is net folslein helder.
Neffens Jonker helle de fertochte in wapen út syn bûse. Hy ried dêrop gau fuort. De fertochte hat ferfolgens sketten, seit Jonker, dy't in hânwûne oprûn. De fertochte stelt dat Jonker in wapen by him hie. Troch it fuortriden gie it wapen ôf en foel de fertochte. In wapen, kûgel of huls binne nea fûn.
De fertochte sei earder al dat hy yn jannewaris 2017 út Brazilië wei nei Nederlân ta kaam wie om mei Jonker oer harren saaklike konflikt te praten. Hy waard goed seis moannen nei it sjitynsidint oppakt yn Spanje.

Frijspraak

Neffens de rjochter kin it net bewiisd wurde dat de sketten hat of mei opsetsin hannele. Dêrfoar is de fertochte frijsprutsen. Hy is lykwols wol feroardiele foar it toanen fan in wapen. Dêr krijt er trije moannen sel foar.