Aris hat nije center: Giannis Dimakopoulos

Basketbalklup Aris hat in nije spiler oanlutsen as ferfanger fan Thomas Smallwood. De Grykske center Giannis Dimakopoulos komt nei Ljouwert.
Giannis Dimakopoulos © Aris
Koartlyn rekken de Ljouwerters de Frânsman Smallwood kwyt: hy gong werom nei Frankryk te spyljen, omdat de trainingen en kompetysje yn Nederlân lang stil leine.
As ferfanger komt no dus Dimakopoulos, in center fan 2,18 meter. Hy hat yn de jeugd spile by Panathinaikos en dêrnei college-basketbal foar UC Irvine út Kalifornië. Yn it seizoen 2019/2020 spile Dimakopoulos foar Limassol út Syprus.
De kompetysje foar Aris begjint wer op 16 jannewaris.