Frysk slachtoffer taslagge-affêre: "De skea is mei gjin jild te kompensearjen"

Eltse dupearde fan de taslagge-affêre rûn de berneopfang krijt yn de kommende fjouwer moannen 30.000 euro as kompensaasje, sei steatssekretaris fan Finânsjes Alexandra van Huffelen tiisdei. Nei in oerlis yn it Catshuis waard besletten dat alle troffen âlden rjocht hawwe op deselde kompensaasjeregeling. Alden dy't rjocht hawwe op mear, komme dêrfoar ek noch yn oanmerking. "It moat noch efkes besinke", seit Fryske dupearde Anoeska de Vries.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
In part fan de dupearden is út de skroeven mei it jild, mar foar in soad slachtoffers is de 30.000 euro net genôch. "Ik tink dat it foar it grutste part te min is", leit De Vries út. "De dupearden hawwe in hiele protte skulden makke, dy't faak boppe de 30.000 euro útkomme. Dejingen dy't dat jild krije, hawwe dêr eins net in soad mear oan."
De Vries ferlear troch de hiele affêre har baan en koe har eigen bedriuw net mear trochsette. "Dat is al 10.000 euro yn it jier dy't ik misse moat. Dan ha ik it allinnich noch mar oer baanferlies. Myn bern hawwe ek in pear jier earmoed libje moatten. Hoe sille se dat útbetelje? De skea is mei gjin jild te kompensearjen, sa grut is dy."

Mear lilkens

It jild is ek gjin kompensaasje foar de psychologyske skea dy't de affêre feroarsake hat. "Dat lang net." Hoewol't De Vries bliid is dat der nei al dy tiid einliks stappen set binne, tinkt se dat der ek mear saken meispylje. "Mei it each op de ferkiezings tink ik dat der achter de skermen in hiel soad bart dêr't wy as dupearden neat fan meikrije. It is wol hiel tafallich allegear."
De Vries hie leaver sjoen dat de ferantwurdliken yn de taslagge-affêre opstapt wiene. "Dat hie foar ús in moaier gebear west as ús efkes ôfkeapje mei 30.000 euro", leit se út. "Ik kin der no mei fierder om't ik der skuldefrij it nije jier mei yn kin. Mar ik wit dat der genôch dupearden binne foar wa't dit mar in skyntsje is en by wa't it mear lilkens opropt."

Noch net ôfsletten

In soad dupearden kinne de affêre dus noch hielendal net ôfslute. "Der komt noch in hiel ferhaal achterwei. Dêr giet noch in hiel soad tiid yn sitten, dus wy binne der noch lang net." De Vries sit der mei de feestdagen yn elts gefal wat komfortabeler by no't in grut part fan har soargen ferdwûn is. "Dat absolút."
Anoeska de Vries