Plysje hâldt trije fertochten oan foar brân Twizelerheide

De plysje hat trije fertochten oanholden foar in brân yn Twizelerheide tiisdei oan de ein fan de middei. Der jildt in needferoardering yn in part fan it doarp, mar oan de Skoalstrjitte stiene dochs wer autobannen en rommel yn 'e brân.
© RTV NOF
De brân wie neist it fjild dêr't boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen in needferoardering ynsteld hat. Dat die er om't er de lêste tiid faak brannen binne. "It giet om oantaasting fan de iepenbiere oarder, wêrûnder lûdsoerlêst, groepsfoarming, swier fjoerwurk, in soad rommel en alkoholgebrûk. De groep ferpest it foar oare ynwenners, dy't harren wol oan de regels hâlde", sei de boargemaster.
© De Vries Media
De earste dei nei de needferoardering bleau it rêstich, mar tiisdei wie it wol wer mis dus. Nei in tip hat de plysje trije fertochten oanholden, meldt plysjeman Sander Wijnsma. En se ha mear tips krigen: "Kennelijk zijn de inwoners er zelf ook klaar mee. Laten wij het rustig houden", skriuwt er op Twitter.