Nije buertkeamers gemeente Ljouwert yn jannewaris net iepen foar ynrin

De iepening fan de njoggen nije wyk- en buertkeamers yn de gemeente Ljouwert lit noch op him wachtsje. It konsept fan de keamers is dat minsken hjir ynrinne kinne as sy help of soarch nedich ha, mar troch de lockdown kin dat net. Wol is it mooglik om del te kommen op ôfspraak.
Wyksintrum Heechterp-Schieringen © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert jout oan dat der mei de tarieding fan de buertkeamers al fertraging oprûn is troch corona en dêr komt no de lockdown boppe-op. Dit makket it folslein iepenjen fan de buertkeamers op it stuit ûnmooglik, omdat de keamers yn bygelyks in kringloopwinkel of in wyksintrum sitte. Dy meie op dit stuit net iepen.
Ynze Haitsma fan de gemeente Ljouwert: "Wy ha mei de buertkeamers ôfsprutsen dat wy begjinne mei werving en kampanje yn de buert, as corona dat wer talit. Oant dy tiid ha wy regele dat op alle lokaasjes Amaryllis oanwezich is om mei minsken te praten, dan wol op ôfspraak."

Wêr binne de buertkeamers?

Yn Ljouwert komme der seis buertkeamers, yn it MFC Westenkwartier, Wijkcentrum Bilgaard, Wijkcentrum Heechterp-Schieringen, 'd Ambacht (Huizum), Netwerkcentrum De Klomp en Wijkcentrum 't Knooppunt. Fierder komme der noch trije buertkeamers yn Stiens (De Skalm), Mantgum (MFC de Wjukken) en yn de kringloopwinkel fan Grou.
Sjoch hjirûnder wêr't de buertkeamers fan de gemeente Ljouwert krekt komme:
© Omrop Fryslân
Yn de keamers kinne minsken terjochte dy't fragen ha oer formulieren, foar in lústerjend ear of gewoan foar in bakje kofje. Troch dizze taken fuort te heljen by professionals en te jaan oan frijwilligers, hopet de gemeente Ljouwert acht ton te besparjen. Dat is nedich omdat de gemeente foar 2021 jierliks 3,6 miljoen euro besunigje moat.
By soarchoanbieders yn Ljouwert binne lykwols grutte twivels oer de ynset fan frijwilligers. Se soene net geskikt wêze foar it helpen fan minsken dy't meardere problemen ha. Dêrneist jout Vrijwilligers Organisaties Leeuwarden (VOL) oan dat der net genôch frijwilligers binne om soarchtaken oer te nimmen fan professionals.
Wethâlder Hein Kuiken hopet dat takom jier de buertkeamers dochs folslein iepen kinne. "De bedoeling was dat we in 2020 met elkaar zouden kennismaken en gezamenlijk de inrichting zouden bespreken. Dat proces heeft als gevolg van corona hinder opgelopen. In de ambities om dat in samenspraak met veel vrijwilligersorganisaties uit te serveren middels die buurt- en dorpskamers moeten we even een pas op de plaats maken. Ik hoop dat dat in de loop van 2021 alsnog kan."
Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert