Undúdlikheid by maneezjes: meie se wol of net iepen?
Der in soad ûndúdlikheid oer oft maneezjes no iepen meie of net. Guon gemeenten woene se ticht hawwe, mar neffens hynstesportkoepel KNHS is it yn oanpaste foarm wol tastien. It is wichtich dat de hynders en ponnys yn beweging bliuwe.
Undúdlikheid oer maneezjes: wol of net iepen
Binnensportakkomodaasjes moatte ticht. Guon gemeenten hâlde har der strang oan en sa moast maneezje De Oorsprong yn Sint-Nyk earst de doarren slute. Mar maneezjes mochten mei wat oanpassingen en nei oanwizingen fan de hynstesportorganisaasje KNHS dochs iepen. Nei fierder ûndersyk fan gemeente De Fryske Marren mocht ek De Oorsprong moandei wer iepen.
It wie in nuvere situaasje, fynt foarsitter Lammert Jager. "Der wienen maneezjes ticht hjir yn de gemeente en oare wienen iepen. It soe in bytsje raar wêze as se ferskillende regels hantearje." De gemeentes seagen earst allinnich nei de minsken en de gefolgen, mient Jager. "Ik tink dat se sjoen ha nei de bewegingen en it by elkoar kommen fan minsken. Dat is hjir natuerlik ek sa, al hâlde se wol de ôfstannen yn acht. Uteinlik hat de gemeente sjoen nei it bistewolwêzen en dat is hiel terjochte, tink ik."
Yn beweging hâlde
It is belangryk om hynders yn beweging te hâlden. As se de hieltyd yn de boks stean moatte, giet de kondysje en de geastlike tastân hurd achterút, tinke hynsteleafhawwers. En bygelyks it hynder Finneblom van 't Oostende moat fit wêze foar in belangrike keuring.
It hynder wurdt traind troch Ria Hettinga. "Tongersdei moat er, foar safier mooglik yn topkondysje wêze foar in test. Dat koe net útsteld wurde, want yn maart krijt er in fôle", seit Hettinga. "Ik hie al in bytsje pyn yn 'e búk dat de maneezje tichtgean soe. Bûten is it allegear drek en ik bin net sa lúks dat ik thús in binnenmaneezje haw. Dan is it wol super dat je sa wer even traine kinne."