FIDEO: 11 Andere Oorden by de Achlumer iisbaan

Mei kâlde tiennen en ferklomme fingers fan it reedriden efkes lekker opwaarmje mei in beker hite poeiermolke. In nostalgysk wintersk tafriel mei snieflokjes, dy't troch de loft twirje. De iisbaan fan Achlum is it njoggende plak dat troch de keunstners fan it LUNA Collective yn it ljocht set wurdt. It is ûnderdiel fan 11 Andere Oorden.
11 Andere Oorden dei 9
Op strikt geheime lokaasjes wurde oant de krystdagen op ferskate plakken yn Fryslân ljochtkeunstwurken toand. It binne plakken dy't net sa bekend binne, mar dêr't wol in moai ferhaal efter sit mei in gedachte dy't goed past by de krysttiid.
11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende coronamaatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei tongersdei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.