Fjirtich persint minder besikers yn Fryske musea yn 2020

It coronafirus hat dit jier flink ynfloed hân op de besikersstreamen yn de Fryske musea. Gemiddeld ûntfongen dy yn 2020 sa'n fjirtich persint minder besikers as yn 2019. Dat seit Museumfederatie Fryslân. Der wiene lykwols ek ljochtpuntsjes: de coronamaatregels fregen in soad kreativiteit fan de musea en dat smiet moaie oplossings op.
Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Musea moasten it ôfrûne jier yn totaal 3,5 moanne de doarren slute. Tentoanstellings waarden skrast of stillein en meiwurkers en frijwilligers koene net nei harren wurk ta.
Der wiene neffens de Museumfederatie ek ljochtpuntsjes. Sa binne de musea mei man en macht coronaproof makke, is der ferhastige oerstapt op online-ticketsystemen, kaam der in museumpasse-partout en slagge it in oantal musea om op kreative wize har publyk te betsjinjen yn lockdowns. Dêrneist kamen der podcasts, virtual reality-tours en fideorûnliedings.
It wurkjen mei tiidslotten die bliken ek net neidielich te wêzen. It makke de besikersstreamen ynsichtliker. Yn de simmerfakânsje krigen de Fryske musea sels mear gasten as yn de simmer fan 2019, om't in soad minsken yn eigen lân op fakânsje giene.
De takomt is lykwols ûnwis, sa seit Museumfederatie Fryslân. Der binne in protte fragen oer bygelyks wannear't de musea en museumkafees wer iepen meie, en oer oft der noch mear subsydzje komme sil.