Sikehûzen lizze net-akute soarch folslein stil fanwegen oprinnende coronabesmettings

Sikehûzen lizze de net-akute, planbere soarch stil om de grutte groei fan it oantal coronapasjinten oan te kinnen. It oantal bêden op de intensivecareôfdielings wurdt útwreide nei 1.450 en der moatte ek wer mear pasjinten nei Dútslân ferpleatst wurde. Mei dy maatregels wol it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ) garandearje kinne dat de meast kritike soarch foar alle pasjinten trochgean kin.
Sikehûzen lizze net-akute soarch folslein stil
Dat soe ek jilde foar de net-akute soarch yn it MCL yn Ljouwert, Nij Smellinghe yn Drachten, Tjongerskâns op It Hearrenfean en it Antonius-sikehûs yn Snits. De maatregel giet net fuortendaliks yn by it MCL. Se beprate no de oprop fan minister Van Ark fan Medyske Soarch. "We bereiden het zorgvuldig voor. Vanaf januari zal helaas aan minder patiënten zorg kunnen worden verleend dan nu het geval is. Een deel van de zorg wordt weliswaar uitgesteld, maar niet afgesteld."
Van Ark makke de maatregels tiisdei bekend. "Het is echt alle hens aan dek in de ziekenhuizen de komende weken", seit se. "Helaas moet planbare reguliere zorg in deze bijzondere periode toch worden afgeschaald."
De minister stipet de sikehûzen yn de ekstra maatregels. Se ropt ek eltsenien nochris op him yn de lockdown oan de maatregels te hâlden. "Alleen dan kunnen we de zorg toegankelijk houden voor iedereen die dat nodig heeft."

Heech syktefersom

It ministearje fan Folkssûnens sketst dat net allinnich it oantal coronapasjinten oprint, mar it syktefersom ûnder sikehûspersoniel. Troch de hege wurkdruk en coronabesmettings falle hieltyd mear meiwurkers út. "Daar komt bij dat de roosters door de kerstperiode nog lastiger in te vullen zijn."
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan de Thialfweg © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De maatregels binne dan ek nedich om 'personiel frij te spyljen'. Se jilde sawol foar sikehûzen as foar selsstannige kliniken.

Drokte ferwachte yn jannewaris

De pyk fan de twadde coronaweach moat foar de sikehûzen noch komme. De ferwachting is dat it oantal opnommen coronapasjinten de kommende wiken fierder tanimme sil. Yn de rin fan jannewaris wurdt de grutste drokte ferwachte. De hoop is dat it oantal nije besmettings ynkoarten ôfnimme sil troch de lockdown, mar yn sikehûzen sil dat pas wiken letter effekt hawwe. Minsken dy't no krekt siik wurden binne, kinne ommers letter yn it sikehûs bedarje.

'Kritike soarch'

Behannelings dy't planber binne, mar dochs ûnder de neamer 'krityk' falle, wurde net annulearre. Medysk spesjalisten hawwe ein oktober kritearia opsteld om it ûnderskied te meitsjen tusken kritike planbere soarch en de oare planbere soarch.
Behannelings dy't binnen seis wiken needsaaklik binne om bliuwende sûnensskea of ferlies fan libbensjierren foar te kommen, jilde as krityk. Dat betsjut dat de soarch foar kankerpasjinten en minsken mei in slimme psychyske oandwanings trochgean moatte. Behannelings dy't sûnder bliuwende skea langer wachtsje kinne, wurde no allegear yn de wacht set.