FIDEO: It Fryske folksliet klinkt en daveret troch de Grinslanner haadstêd
It Fryske folksliet troch de Grinzer strjitten: it like altyd in utopy. Nei in aksje fan studinteferieniging Bernlef is it dochs werklikheid wurden, op tiisdeitemiddei skalden de toanen fan 'De Alde Friezen' út de Martinitoer de stêd oer. Ek de tsjinaksje fan TikTok Tammo is in sukses, hy hat al mear as tûzen reaksjes op syn 'Botter, stoet en gruine keze'-oprop.
It Fryske folksliet yn Grins
De beierdier fan de Grinzer toer, de Fries Auke de Boer, besocht lykwols de beide kampen te ferienigjen. Nei't er it Frysk folksliet spile hie, wie it Grinslanner folksliet te hearren. Hy spile se sels tegearre, in mjuks fan de Fryske en Grinslanner lieten dy't dochs wer in soad stof opwaaien dienen ferline wike.
Sa woe Johannes Peetsma, better bekend ûnder syn alter ego 'TikTok Tammo', de Grinslanner flagge op de Ljouwerter Aldehou projektearje. It wie in reaksje op de aksje fan de Fryske studinten fan Bernlef. "Ik wilde op een ludieke manier met gelijke munt terug betalen, en daarmee geld voor de Voedselbank in Leeuwarden ophalen. Toch in het Friese hart raken, en ook geld voor het goede doel ophalen", leit de selsneamde Grunnfluencer út.

Botter, stoet en gruine keze, wel dat nait zeggen kin, kin gain Grunneger wezen.
It sette lykwols gjin seadden oan de dyk: de gemeente Ljouwert wie benaud dat it te folle publisiteit opsmite soe en dat der grutte groepen minsken gearkloftsje soene. "Ik heb contact gehad met de gemeente, wij hebben het samen overlegd", fertelt Peetsma. "Er kwam natuurlijk veel aandacht voor, Radio1 belde, Trouw belde. Dat brengt risico met zich mee."
'Botter, stoet en gruine keze'
Dat de Aldehou dochs net blau, grien, read en wyt kleuret tiisdei, betsjut lykwols net dat de Ljouwerter Voedselbank gjin donaasje fan de Grunnfluencer krijt. Yntusken is der troch Peetsma al 2.750 euro ophelle.
As in soarte fan ferfangende aksje, hat hy in oprop pleatst op Facebook. Hy freget minsken om de Fryske spreuk 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries' yn it Grinslanners te sizzen. Peetsma: "Ik heb de Friezen uitgedaagd om de zin over boter en groene kaas in het Gronings te zeggen: 'Botter, stoet en gruine keze, wel dat nait zeggen kin, kin gain Grunneger wezen'."
Tiisdeitemiddei om 12.40 oere is it Frysk folksliet op de Martinitoer spile. "Het is jammer dat de Groningse vlag niet op de Oldehove wordt geprojecteerd, maar als alle Friezen dit filmpje insturen, dan hebben we voor mijn gevoel hetzelfde doel gehaald", sa seit Peetsma.
It Frysk folksliet op de Martinitoer:
Johannes Peetsma, 'TikTok Tammo', oer syn donearaksje
Nynke Stamm, skriuwer fan de studinteferiening Bernlef, seit dat de reaksjes op harren aksje bot ferskille. "De measte minsken binne der sportyf oer, meitsje der in grapke fan om te pleagjen. Mar der binne ek wol minsken dy't it echt net leuk fine. Immen hat sels 1.250 euro tsjinbean om it net te spyljen." Mei in bedrach fan 2.460 euro dat Bernlef ophelle hat is dat lykwols lang net genôch.
De aksje fan TikTok Tammo fine de Fryske studinten moai, en sels sille se ek meidwaan oan syn opropke fan 'Botter, stoet en gruine keze'. "Us foarsitter hat it juster op Radio1 al besocht!", sa beslút Stamm.
Nynke Stamm fan Bernlef oer harren donearaksje
Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Jantine Stoffers