Harns ferkeapet âld fertutearze swimbadterrein

De gemeente Harns ferkeapet it terrein oan de Westerseedyk, dêr't yn it ferline swimbad De Koemen wie. Dat swimbad is yn 1995 sletten en sûnt dy tiid is der neat oan it terrein dien.
Hjir lei it swimbad © Team Heechtesicht
It giet om sa'n twa bunder grûn. Harns hopet dat in ûntwikkelder it terrein wer oantreklik makket foar rekreaasje. De gemeente tinkt oan bygelyks in boartersplak mei in minwaarfoarsjenning, mar de ynfolling fan de lokaasje stiet noch iepen.