Mienskiplik ûnderkommen foar topsporters yn nij topsportershûs op It Fean

It Hearrenfean krijt in nij hûs spesjaal foar topsporters. Oant no ta wenje topsporters ferspraat oer It Hearrenfean, yn bygelyks apparteminten yn flats of fersoargingshuzen. It nije sportsintrum oan de Heremawei moat aanst sa'n 80 topsporters in plak jaan.
© Google Street View
De lokaasje fan it topsportershûs is flak foar Thialf, op it terrein dêr't earder wenbûlevaar Vesta siet en no Sport- en Lifestylecentre Balans. Balans bliuwt op it plak, mar in part fan it âlde gebou wurdt ôfbrutsen en der komme wenromten by en oare foarsjenningen foar sport en sûnens. Der kinne allerhanne sporters yn komme, fan reedriders oant turners.

Elkoar fersterkje

It pân oan de Heremaweg is ein 2019 kocht troch Zwanenburg Projecten. Dizze firma hopet dat der ein 2021 grien ljocht komme kin foar de bou en ferbou. "As je in echt topsportklimaat hawwe wolle dan moat de húsfêsting ek op oarder wêze", leit Bastiaan Dijk fan Zwanenburg Projecten út. "De wenplakken en de sportfoarsjennings moatte elkoar fersterkje."

Posityf

Sportstad Heerenveen, iisstadion Thialf en gemeente Hearrenfean binne oant no ta posityf oer it idee. De plannen binne opset troch Zwanenburg Projecten en it Centrum voor Topsport en Onderwijs (CTO). Stichting Topsport Noord is dwaande om sporters goed te begelieden en jout oan it in goed plan te finen foar de ûntwikkeling fan talinten.
Bastiaan Dijk fan Zwanenburg Projecten