'Nacht van het Wad' moat minsken wize op sjarme én belang fan echte tsjusternis

Echte tsjusternis wurdt yn it Noarden fan Nederlân hieltyd seldsumer. Sels op it Waad is der sprake fan ljochtfersmoarging, wylst it tsjuster tige wichtich is foar minsken, bisten en planten. Mei de earste 'Nacht van het Wad' dy't moandeitejûn hâlden waard yn de teätertsjerke fan Nes joech wittenskipper en stjerrekundige Govert Schilling dêr in online lêzing oer dy't troch mear as 800 minsken folge waard.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yntereassearden koene online meisjen mei Schilling syn Planetariumshow yn de teätertsjerke yn Nes, dêr't ek de replika fan de Nachtwacht stiet. It wie de kick off fan de kampanje 'Nacht van het Wad', wêrmei't it belang fan tsjusternis yn it Waadgebiet oankaarte wurdt.
"It wurdt fan takom jier ôf fjouwer kear yn it jier organisearre. Der binne dan allegear eveneminten om minsken genietsje te litten fan de moaie tsjustere nachten yn Noard-Nederlân", leit Akkeline Postema fan de Grinslanner miljeufederaasje út.

Flecht oer it Waad

Schilling naam de sjoggers mei yn in flecht oer it Waad en liet sjen wêr't it yn it gebiet noch tsjuster wêze kin. Der binne nammentlik net in soad gebieten dêr't it noch écht tsjuster is.
"Licht is niet goed voor de natuur, want nachtdieren hebben er last van", leit Schilling út. "Het is slecht voor de economie, want verlichting kost geld. En het is slecht voor het dagelijkse biologische ritme van de mens. Tot slot ben je niet meer in contact met de kosmos waar je deel van uitmaakt."
Govert Schilling (l) © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De wittenskipper groeide sels op yn in doarpke yn 'e buert fan Utrecht. Nachts koe er dêr noch gewoan de Molkwei sjen. "Dat is er tegenwoordig in heel Midden-Nederland niet meer bij. Er groeit nu een hele generatie kinderen op die niet weet hoe de sterrenhemel eruitziet."
Dat is ek it doel fan Schilling syn Planetariumshow. "Ik wil graag laten zien wat mensen missen. Wat zou je kunnen zien als je wel eens een donkere plek opzoekt?"
Schilling fokusse yn syn lêzing ek op de stjerrehimel en liet in seldsum skouspul sjen: de planeten Jupiter en Saturnus raanden hast ta ien ljochtpunt. Eltse 20 jier hellet Jupiter Saturnus yn wylst se om de sinne hinne draaie, mar dit kear komme se tichterby elkoar oan de himel as se yn 800 jier dien hawwe.
'Nacht van het Wad' is in dielprojekt binnen it programma 'Donkerte van de Wadden', mei as doel om minsken de tsjusternis op it Waad ûnderfine te litten. Under de neamer 'Nacht van het Wad' wurde fjouwer kear yn it jier eveneminten, lykas ekskurzjes en lêzings, organisearre by de Waadkust del.
Mei 'Nacht van het Wad' freegje de natuer- en miljeufederaasjes fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân en de Rijksuniversiteit Groningen spesifyk omtinken foar tsjusternis yn it Waadgebiet en wolle se wize op de needsaak fan it behâlden fan tsjusternis.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de Planetariumshow