Danny Noppert begjint oan tredde WK yn Londen: "Kwartfinale soe dream wêze"

Foar it tredde jier op rige stiet Danny Noppert op it WK darten yn Londen. Nei ferliespartijen yn de twadde en de tredde ronde wurdt it no tiid foar de Jouster om in grutte stap te setten. Tiisdeitejûn spilet Noppert syn earste wedstriid tsjin Cameron Carolissen út Súd-Afrika, dy't dit jier syn WK-debút makket.
Danny Noppert begjint oan tredde WK yn Londen: "Kwartfinale soe dream wêze"
It hat in nuver dartjier west foar Danny Noppert. Doe't it coronafirus yn maart tasloech, waarden alle toernoaien al rap stillein. It dartbûn PDC begûn krekt foar de simmer wer mei de reguliere fliertoernoaien. Allinne de wedstriden foar de professionals giene troch, mei strange rjochtlinen en coronatests foar alle dielnimmers.

Goed op de flier, minder op tv

Op de fliertoernoaien hat de 29-jierrige Jouster it dit jier tige goed dien. Hy einige as tolfde fan de wrâld op de saneamde ProTour-ranking, dêr't alle fliertoernoaien en Europeeske toernoaien ûnder falle. Allinne op de grutte telefyzjetoernoaien, dit jier spile sûnder tûzenen minsken yn 'e seal, koe Noppert mar net fier komme.
"Ik lit it noch te faak ôfwitte op it poadium", neffens Noppert, dy't him de ôfrûne wiken thús op De Jouwer taret hat op it wrâldkampioenskip. "De lêste twa jier ek op it WK. Der wiene wol genôch kânsen, mar dy pak ik noch te min op de telefyzjetoernoaien. Ik wit net krekt wat dat is, miskien lis ik der foar mysels wol tefolle druk op."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Dochs wol Noppert dêr de kommende wiken mei ôfrekkenje. It wurdt syn tredde WK yn it ikoanyske Alexandra Palace yn Londen, dus wat dat oanbelanget hat de Fries al ûnderfining mei it grutte poadium. Hielendal om't syn tsjinstanner dit jier debutearret. "Ik haw noch nea tsjin him spile. It is foar my in ûnbekende spiler. As alles rint skat ik myn kânsen heech yn, dan kin ik de partij seker winne."

Hanteken foar kwartfinale

Fierderop yn it toernoai wachtsje Noppert by winst mooglik nammen as Dave Chisnall, Dimitri van den Bergh of yn de kwartfinale: Michael van Gerwen. "Myn dream is yn de kwartfinale te kommen", neffens Noppert. "Mar do wolst eins nea ferlieze. Ek al hellest dan de kwartfinale of de heale finale. Mar as ik no myn hanteken sette koe foar in kwartfinaleplak, dan hie ik dat dien."
Dit jier gjin taskôgers yn it Alexandra Palace. © Omrop Fryslân, Mats Gies
It WK darten wurdt fan 15 desimber oant en mei 3 jannewaris hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. It toernoai wurdt - útsein de iepeningsdei - sûnder publyk spile. De regearjend wrâldkampioen darten is Peter Wright út Skotlân. Ferline jier einige it toernoai foar Danny Noppert yn de tredde ronde tsjin de Belch Kim Huybrechts.