Transporteur Boonstra besiket sjauffeur Ingelân út te krijen: "Alles sit op slot"

Nei skatting hûnderten Nederlânske frachtweinsjauffeurs sitte op it stuit fêst yn it Feriene Keninkryk. Dat komt troch de reisbeheiningen dy't ynsteld binne fanwegen de besmetlike fariant fan it coronafirus dy't dêr rûn giet. Ek Fryske transportbedriuwen hawwe mei dit probleem te krijen.
Coronasifers en Boonstra Transport
Sa binne se by Boonstra Transport yn Haulerwyk al de hiele dei dwaande om te sjen oft se harren sjauffeur Bas Groeneveld noch weromkrije kinne. "Hy stiet yn 'e buert fan Londen op in fersoargingsplak dêr't hy wat ite kin en dêr't hy dûse kin. En hjir op kantoar besykje wy mei it team alles om him thús te krijen. Mar alle fearboaten sitte al fol en de trein rydt net mear. Alles sit op slot", seit Feike Boonstra, dy't hieltyd kontakt mei syn sjauffeur hat en siket nei in oplossing.

'Er staan hier duizenden vrachtwagens'

Frachtweinsjauffeur Groeneveld stie earst fêst op de sneldyk, mar hat op oantrúnjen fan syn baas Feike in plak mei mear foarsjenningen opsocht. Hy hopet dat der gau in oplossing komt.
"Als het goed is wordt alles morgenavond weer vrijgegeven. Maar daar zijn ze nu nog over aan het vergaderen, dus het is even afwachten of we met de feestdagen thuis zijn", seit Groeneveld. "Ik hoop vanavond meer te weten, maar er staan hier duizenden vrachtwagens, dus het is de vraag hoe lang dit nog gaan duren. Ik probeer zo positief mogelijk te blijven, niemand heeft hier op gerekend, dus we maken er maar het beste van."
Sjauffeur Bas Groeneveld stiet fêst yn 'e buert fan Londen
© ANP
Boonstra hat goeie hoop dat syn sjauffeur mei de krystdagen wer thús is. "Us jonges binne wol in soad ûnderweis, mar mei de krystdagen ha we se altyd thús. We ha wol minsken hân yn Súd-Europa, dat we seine: set de auto mar oan de kant en pak it fleantúch. Mar no kinne wy neat. We kinne sels net swimme. Alteast, hy kin wol swimme, mar net sa'n ein. Dit ha we nea meimakke, mar we bliuwe ús ynsetten om him hjir te krijen.
Feike Boonstra fan Boonstra Transport