Brânwacht komt yn aksje foar brânend bêd yn Drachten

De brânwacht moast sneintejûn yn aksje komme foar in brân by in ôffalplak oan De Stâl yn Drachten. Al rap die bliken dat it om in bêd gong dat yn 'e brân stutsen wie njonken in flatgebou.
© SRFotografie
De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle. Ek de plysje waard ynskeakele en docht ûndersyk nei de brânstifting.