Henk de Jong optein oer sterk jier Cambuur: "Ik hie dit nea ferwachte!"

Mei in 0-1 winst op Excelsior koe Sportklup Cambuur it nuvere jier 2020 posityf ta in ein bringe. Mei leafst 43 punten út 17 wedstriden gean de Ljouwerters as koprinner it nije jier yn. "Ik hie dit nea ferwachte, as je sa'n klap krije", wiist trainer Henk de Jong op de miste promoasje earder dit jier.
Henk de Jong nei Excelsior - Cambuur
Tsjin Excelsior gie it sa as faker de lêste wiken muoisum, mar de oerwinning kaam ek net echt yn gefaar, fynt De Jong. "Se spilen op it ein opportunistysk, mar doe hiene wy it al ôfmeitsje moatten."
"In geweldich jier! Wy ha 43 punten, dat is ûnfoarstelber goed. Ik wit dat it de lêste fjouwer wedstriden minder is, mar we winne alles", seit De Jong. Nei it misrinnen fan promoasje hie de trainer dat net ferwachte. "It wurdt allegearre mar ferwachte dat it samar bart, mar we ha in dikke tik hân. En dan spylje je in healjier net."

Nei de winter

Ferline seizoen begûn Cambuur nei de winter mei in ferlies, mar De Jong is der net benaud foar dat dat no wer barre sil. "Ik sil dy ien ding fertelle, wy sille aansten wer ris ien ferlieze. Mar ik hoopje net ien fan de earste seis, dan moatte de oaren yn de lêste wedstriden fiif kear mear winne as wy, dêr geane wy foar."
Robert Mühren nei Excelsior - Cambuur
Ek Robert Mühren wie tige bliid it jier posityf ôf te sluten. "Mooi dat we dat nu kunnen afsluiten." De spits seach net oankommen dat Cambuur it dit seizoen sa goed dwaan soe. "Dat is enorm bijzonder, erg knap hoe we dat met ons allen doen. We moeten het volhouden, maar voor nu zijn we op de goede weg."
De Volendammer wie ferantwurdlik foar it iennige doelpunt fan de wedstriid, troch in foarset fan Giovanni Korte knap raak te koppen. "Picassootje, denk ik", laket Mühren. "Voorzetje en binnenkoppen."

Mühren traint troch

Oft Cambuur kampioen wurde sil, wol de Volendammer noch neat sizze. "Dat zien we in april of mei wel." Fakânsje hat de spits net, seit er mei in knypeach. "Ik ga keihard doortrainen."