Noch nea safolle besmettingen op ien dei yn Fryslân: 322 gefallen fêststeld

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 322 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It is it heechste tal besmettingen op ien dei sûnt it begjin fan de coronakrisis. Op sneon waarden waarden 288 besmettingen meld. It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen is 240.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
It âlde rekôr stie op 294 besmettingen. Dat wie op 12 oktober. Dêr sieten in soad âldere besmettingen by fanwegen in ynhelslach.

Súdwest-Fryslân wer oan kop

De measte besmettingen wienen mei 66 yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrnei komt Ljouwert mei 51 besmettingen. Op it tredde plak folget de gemeente Waadhoeke mei tritich besmettingen.
Der is ien stjergefal meld. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân.
Twa minsken binne yn de ôfrûne 24 oeren opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Waadhoeke en in ynwenner fan Eaststellingwerf.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Nasjonaal binne by it RIVM 13.066 nije coronabesmettingen meld. Dat binne 784 mear as in dei earder.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.