Senator Gerbrandy: "Yn Fryslân allinnich noch foar de klasse as jo it foech Frysk ha"

Skiendend OSF-senator Germ Gerbrandy tinkt dat it Frysk allinnich takomst hat, as alle masters en juffen it foech Frysk ha. "Dat moatte we foar it basisûnderwiis ferplichtsje. As twadde stap moat dan it fuortset ûnderwiis folgje."
Germ Gerbrandy © Omrop Fryslân, René Koster
Gerbrandy die syn útspraken by Omrop Fryslân yn It Nijsfoarum. Hy is wiis mei de stipe dy't it Frysk krijt út Brussel en Den Haag wei, mar tinkt dat it dochs écht fan de Fryske âlden sels komme moat. "Want dêr begjint it!". Ik sjoch dat it by de wat âldere bern bêst aardich giet, mar oer de taalûntwikkeling by de jongste bern, bin ik somber."
Gerbrandy tinkt oan in oergongsregeling om nei it ferplichte foech ta te groeien, mar "útgongspunt moat wêze dat jo hjir net foar de klasse komme kinne as jo dat foech net ha. Om it wat oantrekliker te meitsje, soe der miskien in ekstra materiële fergoeding tsjinoer stean kinne. Mar sa'n ferplichting is in basis-elemint om it Frysk takomst te jaan!"
Conrad Berghoef, dosint fan Friese Poort yn Drachten en ien fan de oare foarumleden, neamde de útspraken fan Gerbrandy 'pittich', mar sjocht ek dat it fak Frysk no faak "op zolder geparkeerd wordt. En dat moet niet."
Germ Gerbrandy yn it Nijsfoarum