Wieke Fekkes fan 'Team Wybe' krijt útpakpakket fan Omrop Fryslân

Wieke Fekkes fan Boalsert krige in útpakpakket fan Omrop Fryslân, om't se in trochsetter is. Se krige it oanbean troch har heit en mem, om't se tige grutsk op har binne. Sân jier lyn waard de man fan Wieke siik. Wybe hie in harsentumor. It jonge stel hie in pjut fan trije en Wieke wie swier fan de twadde doe't it needlot harren oerkaam.
© Simone Scheffer
Seis jier lyn, flak foar de krystdagen, stoar Wybe. Yn syn sykte soarge Wieke mei help fan har âlders foar Wybe. De heit en mem fan Wieke kamen by har te wenjen. It wie in swiere tiid en doe kaam trije moanne nei it ferstjerren fan Wybe min nijs foar Wieke. Se hie boarstkanker. Yn dy omstannichheden moast se oerein bliuwe foar har twa soantsjes. Gelokkich genies se fan de kanker. Se naam harsels foar om it libben op te pakken.
"Ik ha, hoopje ik, noch wol in hiel libben foar my, Wybe hie de kâns net krigen,. En dêrom woe ik dy kâns pakke foar my en myn bern." Dat wie net altyd maklik mar de nuchtere ynstelling fan Wieke holp har wol. "It is freeslik wat ús oerkaam, mar ik betocht, ha ik hjir ynfloed op? Nee, mar wol op de manier hoe't ik dermei omgie. Dat is in kar en dy ha ik makke."

Team Wybe

No, seis jier letter, hat Wieke mei de bern it libben wer aardich op 'e rit en se is ek de inisjatyfnimmer fan Team Wybe. Dizze groep wol jild ynsammelje foar ûndersyk nei kanker. Se binne oansluten by de Maarten van der Weijden Foundation. Se fytsten de alvestêdetocht al mei in bierfyts, mar ek de Alpe d'Huez beklommen se. Dit jier soene se op in wetterfyts de alve stêden by del, mar troch corona gie dat net troch. Wieke en it team hoopje it yn 2021 wol te dwaan. En as se begjinne, dan helje se it ek is de ynstelling, want Wieke is in trochsetter.
Wieke Fekkes
Dizze snein is de lêste dei dat Omrop Fryslân de útpak-pakketten ôfleveret.