Basketball Cup 2020 giet oer; gjin bekerkampioenstriid by manlju

De striid om de Basketball Cup fan 2020 by de manlju giet net troch. It is de Nederlandse Basketball Bond mei de finalisten, Aris Leeuwarden en Donar, net slagge om troch de coronamaatregels en de tiidsdruk in finale te organisearjen foar de uterste spyldatum dy't it bûn as organisearjende partij steld hie.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
It plan wie om de striid om de Basketball Cup te spyljen foar't de Dutch Basketball League heal jannewaris begjint.
Sûnt it begjin fan de bekerstriid is it foar it earst dat der gjin bekerkampioen by de manlju is. Minsken dy't al kaarten kocht hienen, krije har jild werom.