PODCAST Boekekast #7: 'Hoe't ik it fjildfirus skipe', in ferhaal fan Lida Dykstra
De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de sande ôflevering is it ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' fan Lida Dykstra te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.
It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dêrnei mei in stompke potlead it rekkentsje op te meitsjen.
Ut it ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' fan Lida Dykstra.

Lida Dykstra
Lida Dykstra (1961) hat tal fan, benammen, berneboeken skreaun yn it Frysk en yn it Nederlânsk. As Berneboeke-ambassadeur giet se faak op skoalbesite. Foar de podcast skreau se in ferhaal foar folwoeksenen, mar de haadpersoan is wol in bern. "In famke fan in jier as fjouwer. Har heit is in aaisiker en se giet mei him it fjild yn. Yn elk fan myn ferhalen sitte autobiografyske eleminten, ik ha fan ús heit ek in pols krigen." Se beskriuwt de tiid út har jeugd. "Ast âlder wurdst, realisearrest dy wat echt belangryk is yn it libben. Net de dingen dy'tst krijst, mar de tiid mei dy'tst mei dyn âlden trochbringst, dat binne de oantinkens. Dêr sit de wearde yn."
Dykstra wurket alle dagen fan 8.30 oant 15.00 oere, as se teminsten net op skoalbesite is. "It skriuwen wurdt noait in rûtine, ik sjoch altyd hoe't it better kin." Se hat krekt de tekst klear fan it fjirde diel yn de rige Gouden Boekjes oer Sipke. "Dit diel giet oer Sipke op it keatsfjild."
Lês ek:
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân, City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.